KNKB Jongens B klasse 3 maaie 2015
Yn de earste list waard der spannend keatst. Der kaam mar leafst trije kear in stan fan 5-5 6-6 foarby. Ek yn de twadde en tredde list waard der moai keatst. Yn de heale finale fan de winnersrûne stie it partoer fan Djurre Seerden, Taeke Hofman en Menno Galema tsjin it partoer fan Jelle Pieter van de Walt, Harmen Schuitmaker en Jan Sjitsma. Dizze heale finale waard mei 5-4 6-4 wûn troch it partoer fan Djurre Seerden. It partoer fan Ruben Eijzenga, Boele Terpstra en Hein Joostema bleaune yn de heale finale stean. Sa gong de finale tusken it partoer fan Djurre Seerden, Taeke Hofman en Menno Galema tsjin it partoer fan Ruben Eijzenga, Boele Terpstra en Hein Joostema. It wie undertusken folle minder waar, mar de manlju joegen alles wat se hiene. It partoer fan Djurre Seerden, Teake Hofman en Menno Galema wie krekt wat te sterk en wûnen mei 5-3 6-2. De útslach: Winnersrûne: 1e priis: partoer 1 mei Djurre Seerden (Franeker), Teake Hofman (Dronryp) en Menno Galema (Tjerkwerd) 2e priis: partoer 18 mei Ruben Eijzenga (Berltsum) , Boele Terpstra (Oosternijkerk) en Hein Joostema (Berltsum) 3e priis: partoer 6 mei Jelle Pieter van de Walt (Tzummarum), Harmen Schuitmaker (Slappeterp) en Jan Sjitsma (Wommels) Ferliezersrûne: 1e priis: partoer 15 mei Gerben de Boer (Gaast), Jan Tijtsma (Anjum) en Wytse Wassenaar (Wier) 2e priis: partoer 5 mei Jimmy Geertsma (Dronrijp), Sipco Greidanus (Winsum) en Paul Dijkstra (Bitgummole) 3e priis: partoer 22 mei Jan Sjouke Weewer (Sexbierum), Lennard Feenstra (Franeker) en Jelmer de Vries (Bitgommole)
Geplaatst op 04 May 2015